Kabinet giet akkoart mei weryndieling Noardwest-Fryslân

De weryndielingen yn it noardwesten fan Fryslân binne wer in stap tichteby. It kabinet is freedtemiddei akkoart gien mei de plannen derfoar. It giet om de fúzje tusken Frjentsjerteradiel, It Bilt en Menameradiel, it taheakjen fan Ljouwerteradiel oan Ljouwert en it opdielen fan de gemeente Littenseradiel.
De Ried fan Steat bûcht him de kommende tiid oer de weryndielingsplannen. As dy gjin problemen sjocht, giet de weryndieling op 1 jannewaris 2018 offisjeel yn.