Al goed tûzen hantekeningen foar Ljouwerter iiskoboer

02 sep 2016 - 16:42
  • IIskoboer Appie Scheer

Al mear as tûzen minsken ha de petysje tekene om iiskoboer Appie Scheer op de Lange Piip yn Ljouwert te hâlden. Scheer stiet dêr al fjouwer jier mei syn iiskokarre, mar rekket ein dizze moanne syn fergunning kwyt.

De inisjatyfnimmer fan de petysje fynt dat dat net wêze moat, omdat Appie in begryp is yn de stêd. Hy stiet ek wol bekend as de Ljouwerter Frans Bauer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)