Feilichheidsmaatregels by plysjeburo Drachten opheft

02 sep 2016 - 16:13

De ekstra feilichheidsmaatregels by it plysjeburo oan it Mûnein Súdside yn Drachten binne foarby. De maatregels wiene nedich fanwege bedrigingen troch in ynwenner fan Drachten. Se hiene te meitsjen mei persoanlike omstannichheden fan de man, sa lit de plysje witte.

Plysje en Iepenbier Ministearje ha freed in petear hân mei de man en dêrnei is besletten de maatregels op te heffen.

By it buro wiene fan 'e wike grutte betonblokken foar it gebou dellein. Sa moast foarkaam wurde dat de man mei in auto de glêzen gevel fan it buro ramme soe. Ek wiene der ekstra kamera's ophongen en rûn der bewapene bewekking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)