Jorritsma sjocht werom op acht jier kommissaris fan Fryslân

02 sep 2016 - 15:34
  • Ferslachjouwer Andries Bakker yn petear mei John Jorritsma

Provinsje moat yngripe kinne as lytse gemeenten as Harns net weryndiele wolle

De provinsje moat mear foech krije om gemeenten yn it uterste gefal ta weryndieling te twingen. Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma yn syn ôfskiedspetear mei Omrop Fryslân. Jorritsma hopet dat in folgjend kabinet provinsjes 'trochsettingsmacht' jaan sil. De provinsje kin dan yngripe as in weryndielingsproses stagnearret. Yn Fryslân giet it ûnder mear om de gemeenten Harns en Dantumadiel.

Dy wolle selsstannich bliuwe, wylst de omlizzende gemeenten wol weryndiele wolle. Jorritsma steurt him dêroan, want allinne binne dizze gemeenten net goed op de takomst taret. Oant no ta meie gemeenten sels bepale oft se weryndiele wolle. De provinsje fasilitearret dêrby. Dat moat dus oars, seit Jorritsma.

De ôfskied nimmende kommissaris fan de Kening stelt dat er wat him oanbelanget yn 2018 noch sa'n tsien gemeenten yn Fryslân oerbliuwe. Yn de praktyk sille dat der achttjin wêze. Doe't Jorritsma yn 2008 begûn as kommissaris fan de Kening wiene der noch 31 Fryske gemeenten. Jorritsma nimt takom wike ôfskied fan Fryslân yn in spesjale gearkomste fan provinsjale steaten. Hy sil dan oan de slach as boargemaster yn Eindhoven, de fyfde stêd fan Nederlân.

 

Anita Andriesen wie in foarbyld yn har ferbining mei minsken

"In politika dêr't we op sitte te wachtsjen" en "In foarbyld foar ús". Sa typearret John Jorritsma de op 3 desimber 2008 ferstoarne deputearre Anita Andriesen. Jorritsma hat Andriesen mar in healjier meimakke, mar hat yn dy tiid nei eigen sizzen 'in grutte, nauwe bân' mei har opboud. Oer har 'entûsjasme' wurdt yn it provinsjehûs noch altyd sprutsen, seit Jorritsma. Yn har ferbining mei minsken hat Jorritsma yn syn amt as kommissaris fan de Kening altyd in foarbyld oan har nommen.

 

Hat lobbywurk meastentiids ûnsichtber west?

"As al myn lobbywurk suksesfol west hie, dan wie Fryslân it Dubai fan Europa." Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma op de krityk dy't hy en de deputearren krigen dat harren lobbywurk yn Den Haag 'ûnsichtber' wie en neat úthelle. Yn syn acht jier as kommissaris hat Jorritsma sa'n 180 kear yn Den Haag west om him yn te setten foar Fryslân. Net alles is slagge, mar bygelyks it hâlden fan de rjochtbank en de fleanbasis yn Ljouwert komt wol troch dat lobbywurk. Jorritsma seit dat hy bot ynsetten hat op it kreëarjen fan wurk yn de provinsje. Hy begûn yn 2008 doe't de ekonomyske krisis opkaam. De bouwrâld rekke yn ferfal mei falliseminten fan bygelyks Van der Werf yn Sint-Nyk en kezinebouwer De Vries op De Gordyk as gefolch. Mei de opbringst fan de ferkeap fan de Nuon-oandielen (1,3 miljard euro) hat Fryslân besocht de negative gefolgen fan de krisis sa folle mooglik te beheinen.

 

"De provinsje as bestjoerslaach sil yn de takomst net ferdwine"

"As Fryslân opgean sil mei Grinslân en Drinte yn ien noardlik lânsdiel, dan komme der 200.000 oant 300.000 Friezen nei it Malieveld yn Den Haag en wurdt it boargeroarloch." Dat hat kommissaris Jorritsma yn it ferline sein tsjin minister-presidint Mark Rutte en minister Ronald Plasterk fan Ynlânske Saken. Jorritsma tinkt net dat de provinsje as bestjoerslaach ferdwine sil. Op romtlik-ekonomysk gebiet, mar ek kwa ynfrastruktuer, kultuer en natuer bliuwt de provinsje nedich foar gemeenten, seit er. Fryslân is op dat mêd reedlik tradisjoneel, yn tsjinstelling ta provinsjes as Gelderlân en Noard-Hollân, dêr't ynwenners oars nei de provinsje sjogge.

 

De promoasje fan Fryslân is net fan de grûn kommen

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma hopet dat de promoasje fan Fryslân de kommende tiid fan de grûn komt. Yn syn perioade as kommissaris (2008-2016) beskôget Jorritsma de Fryske promoasje as 'hier yn de sop'. It kaam net goed fan de grûn. Fryslân lit dêrmei in soad kânsen lizze, seit Jorritsma. "Kulturele Haadstêd begjint net yn 2018, mar moarn al," sa seit Jorritsma, dy't hopet dat direkteur Martin Cnossen fan Merk Fryslân de saak wol oan de gong krijt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)