Omrop Fryslân yntrodusearret nije jingles op radio

02 sep 2016 - 14:27
  • Femke de Walle
  • Elske DeWall en Pieter van der Zweep sjonge de nije jingles yn
  • De jingles wurde ôfmikst troch Top Format yn Haarlem

‘Alle dagen nij…..’ It is de slogan dy’t alle dagen op Omrop Fryslân radio te hearren is. Mar fan moandei ôf klinkt de radio hiel oars. Dan wurdt de nije foarmjouwing yntrodusearre, oftewol de saneamde jingles en leaders. Fris, posityf en enerzjyk, sa omskriuwt haadredakteur Klaas Geert Bakker it nije gefoel fan Omrop Fryslân radio. It is ûnderdiel fan in rige oanpassingen op de radio.

Klaas Geert Bakker: "Begjin 2015 hat Omrop Fryslân in nije radioprogrammearring yntrodusearre, mei dêrop folgjend yn de twadde helte fan ferline jier in folslein nij muzykformat. Dat dizze oanpassingen ús harkers oansprekke sjogge we oan de nije harksifers.” Dy sifers litte in flinke groei sjen. Sa is it merkoandiel fan de omrop fan 11% yn juny en july ferline jier, groeit nei rom 18% yn juny en july dit jier. Dêrmei stiet Omrop Fryslân stevich op it earste plak yn de provinsje.

Nije jingles

Folgjende stap wie de nije foarmjouwing op radio. “It âlde jinglepakket bestie noch út in kombinaasje fan in oantal jinglepakketten fan de ôfrûne jierren. Spesjaal foar de omrop is der in folslein nij lûd komponearre. Grutsk kinne we sizze dat Omrop Fryslân mei de yntroduksje fan dit nije pakket hielendal klear is foar de radio fan no en de takomst”, sa fynt de haadredakteur. De slogan ‘Alle dagen nij’ wurdt ynruile foar ‘Ofstimd op dy’.

Oare stimmen

Mei de nije foarmjouwing wurdt ôfskied naam fan de âlde fertroude stim fan Rein Tolsma, presintator fan ûnder oare Prelude. Syn stim wie mear as 30 jier te hearren yn de leaders op radio. Mei in audysje binnen de omrop binne twa nije, mar dochs fertroude stimmen fûn, dy’t tenei it lûd bepale. Dat binne dy fan presintatoaren Eric Ennema en Femke de Walle. Foar it ynsjongen fan de leaders is keazen foar de stimmen fan Pieter van der Zweep en Elske DeWall. Haadredakteur Bakker oer de kar foar Elske DeWall: “In topsjongeres, dy’t op en top Frysk is, wat wolle jo noch mear”.

De folsleine foarmjouwing is makke troch it bedriuw Top Format Productions út Haarlem. It is in renomearre bedriuw yn de ‘business’, dy’t ek de leaderpakketten foar ûnder oare NPO Radio 6, AVRO-TROS en Gerard Ekdom op NPO Radio 2 makke. Top Format Productions wurket ek foar stjoerders yn Sweden, Noarwegen, Spanje en België. Dave Albers, Kreatyf Directeur fan Top Fomat Productions, is optein oer it resultaat: “Elke jingle zit vol gevoel: er gebeurt écht iets met je, waardoor Omrop Fryslân met een eigenzinnig, trots en positief geluid nog dichterbij de luisteraars komt.” It nije lûd fan Omrop Fryslân radio set op moandei 5 septimber útein.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)