Twahûnderttûzenste besiker foar Modelspoarmuseum Snits

02 sep 2016 - 13:51

It Nationaal Modelspoor Museum yn Snits hat freed de twahûnderttûzenste besiker wolkom hjitten. It giet om de famylje Steenbeek út Bilthoven. Goed sechstich persint fan de besikers komt út Noard-Nederlân. Der komme ek in soad bûtenlânske toeristen nei it modelspoar museum.

Sûnt april is de kolleksje te sjen fan de yn 2010 ferstoarne skriuwer Appie Baantjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)