Kollektive ynkeap fan sinnepanielen is populêr yn Ljouwert

02 sep 2016 - 12:45

Under húseigeners yn Ljouwert is in soad belangstelling om mei te dwaan oan kollektive ynkeap fan sinnepanielen. It giet om in inisjatyf fan de feriening Slim wonen met Energie. Oant no ta hawwe har hast 800 húshâldens oanmeld en der komme alle dagen nije oanmeldings by. Slim wonen met Energie bemiddelet tusken de bewenners en de bedriuwen dy't de sinnepanielen leverje en ynstallearje. Dat binne EigenEnergie.net Noord en ITBB op It Hearrenfean en enie.nl yn Grins. 

Troch de kollektive ynkeap binne de dielnimmende húshâldens in stik goedkeaper út. De feriening Slim wonen met Energie wol it inisjatyf takom jier útwreidzje nei oare Fryske gemeenten. Fan 'e hjerst wurdt ienselde konsept oanbean foar de isolaasje fan flierren en spoumuorren yn de gemeente Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)