Rabobank Ljouwert ûntromme, minsken net goed wurden

02 sep 2016 - 11:37

Tsien minsken binne freedtemoarn net goed wurden nei't der yn it gebou fan de Rabobank oan it Beursplein yn Ljouwert in gemyske stof frijkaam wie. Dat barde by wurksumheden oan de airco. It gebou, mei dêryn ek in callcenter, waard ûntromme. Hûnderten minsken stienen op strjitte. Sy binne opfongen yn it Oranjehotel en it Achmeagebou.

Fan de tsien minsken dy't problemen hienen mei it sykheljen of pineholle hiene, moast in oantal foar kontrôle nei it sikehûs. De brânwacht en plysje binne mei meardere ienheden útriden. It gebou is yntusken wer frijjûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)