Feddema: ''Dit slaat in als een bom''

02 sep 2016 - 09:01

It Ljouwerter gemeenteriedslid Wyb Feddema is murf slein no't it gerjochtshôf bepaald hat dat hy dochs noch ferfolge wurdt foar dea troch skuld by de grutte brân oan de Kelders yn Ljouwert yn 2013. Feddema hie dizze útspraak net ferwachte. It is hurd oankaam, seit er. By de brân kaam de 24-jierrige Idsart Otte om it libben. Feddema wie de hierbaas fan it appartemint dêr't de studint wenne en ferstoar. It fjoer ûntstie yn in winkel dernjonken.

Net skuldich, mar te min dien

Neffens it hôf is Feddema net skuldich oan de oarsaak fan de brân, mar hat er te min dien om it gebou brânfeilich te meitsjen. It appartemint wie boukundich yn minne steat en dêrtroch hie it slachtoffer te min tiid om feilich fuortkomme te kinnen. De âlden fan Otte fûnen it net korrekt dat Feddema dêr net foar ferfolge waard en tsjinnen in klacht yn by it gerjochtshôf.

Begryp

Feddema hat begryp foar de âlden. ''Zij hebben het grote verdriet'', seit er. Feddema fynt dat er troch kin as gemeenteriedslid. Mooglik leit er syn wurk wol tydlik stil yn de perioade fan de sittingen. ''Ik ben nog niet veroordeeld en wacht de zaak met vertrouwen af'', seit er.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)