Kollum: ''Boereferstân''

02 sep 2016 - 08:45

Botte Jellema is freelance sjoernalist en wurket foar ferskate omroppen op Radio 1 en foar Omrop Fryslân. Hy komt út Loaiïngea en wennet yn Amsterdam. De kollums fan Botte gean oer wat hy meimakket en wat him fernuveret yn it deistich libben en yn de media. Hy is te folgjen op Twitter.

"Wy binne ús boereferstân kwyt’, sa sei myn kollega Nynke van der Zee op dit plak moandei. Har kollum waard goed dield op de socialemedia. Se hie it oer de molkepriis, dy’t oan 'e lege kant is, wêrtroch’t sommige boeren it net mear bolwurkje kinne. De measten fertsjinje al in skoft neat mear. It wie in begrutlik ferhaal oer in bedriuw fan freonen fan har, dy’t der mei ophâlde moatte, wylst se dei en nacht mei hert en syl wurkje. Neat op ôf te tingen. Mar der wie yn Nynke’s ferhaal al ien ding dat my opfoel…

Nynke: ''It is dochs net te begripen dat wy as konsuminten wegerje in earlike priis te beteljen foar in earlik produkt út eigen lân, wylst wy mei it grutste gemak ús beurs lûke foar lúkse saken út it bûtenlân.'' Ik bin der net wis fan oft it earlik is om de konsumint, wij, hjir de skuld fan te jaan. Neffens my is der al wat mear oan 'e hân.

It belangrykste is dat yn april fan foarich jier it molkkwotum ôfskaft is. Nieuwsuur: ''Het werd door de melkveehouders D-day genoemd.'' In soad boeren, en foaral ek LTO Nederland, de koepelorganisaasje, hienen der al fier fan tefoaren sin yn. Yn de jierren dêrfoar antisipearren se der al op dat se net mear in boete krije soene as se tefolle molke leveren, troch enoarm te ynvestearjen en út te wreidzjen

The sky was the limit. Oeral wie it krisis, mar net yn de melkfeehâlderij! De molkepriis lei yn 2013 op 40, soms hast 45 sint per kilo! En dat wie net alles. Sina krige mar net genôch fan ús molkepoeier. Ruslân wie in grutte merk dy’t foar ús iepen lei. En ast in stâl bouwe woest, krigest koarting om’t de bousektor op syn kont lei troch de krisis. Ja, koest dyn gong mar gean… yntinsivearje en ynvestearje! De LTO hie it oer 'bevrijdingsdag': de dei dat it kwotum ôfskaft waard!

Mar it rûn oers. MH17 waard delsjitten, en fuort wie Ruslân. Sina krige in ekonomyske dip, en fuort wie Sina. En doe gong it kwotum der ôf. De boeren dy’t ynvestearre hiene, woenen no ek melke. Dus der kaam fierstente folle molke. En dan is in in kwestje fan fraach en oanbod: de priis sakke.

 ''Ze kunnen hun rekeningen niet meer betalen'', Ruud Huinre fan de Rabobank, yn april fan dit jier. De grutte ynvestearjende boeren ferpesten de merk mei al har molke, en dêr betellet no elke melkfeehâlder de priis foar. 

De molkepriis dûkte ein 2014 nei 30 sint per kilo. En dat waard allinnich mar minder. Ast dan in kostpriis hast fan 35 sint per kilo, sa’t de freonen fan Nynke hawwe, dan buorkest efterút. Dat kinst wol even folhâlde, jo binne ûndernimmer fansels, mar it hâld in kear op. Mar Nynke, wa syn fout is dit no? Wa hat it boereferstân no ferlern? 

Ik tink net dat de konsumint dy’t aanst yn 'e supermerk by de suvel stiet hjir wat oan dwaan kin. En ik fyn dat de boeresektor, mar ek wy as kollumnisten, útsjen moatte mei de konsumint de skuld te jaan. De boeresektor leit op in soad flakken ûnder fjoer yn 'e media. En dat is soms terjochte, mar lang net altyd. De sektor hat de sympaty fan it publyk no mear as ea nedich. En dan moatte we no net nei konsuminten wize.

Dizze wike gong de molkepriis in bytsje omheech. Mar wat my ek hoop jout is dat d’r in nije koepelorganisaasje oan komt, dy’t Netwerk Grondig hjit. LTO wie foar yntinsivearring: mear molke en mear kij per fjouwerkante meter. Netwerk Grondig is foar ekstinsivearje. Yn it bestjoer sitte biologyske melkfeehâlders, mar ek gewoane melkfeehâlders. Hooplik boeren mei boereferstân.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)