UPDATE: Steuring oplost, treinen Ljouwert - Snits ride wer

© Omrop Fryslân, Aise van Beets
Reizgers op it spoar tusken Ljouwert en Snits moasten freedtemoarn rekken hâlde mei fertraging. Troch in sein- en wikselsteuring rieden der op it trajekt gjin treinen. Om de minsken dochs op harren bestimming te krijen, sette ferfierder Arriva bussen yn.
Om njoggen oere hinne wie de steuring oplost en koenen de reizgers wer mei de treinen ride.