Hurdrinevenemint oer de Ofslútdyk: sneontenacht ôfsletten

02 sep 2016 - 06:58

Foar it earst yn de skiednis giet de Ofslútdyk folslein iepen foar tûzenen hurdrinners. Sneontenacht wurdt de dyk ôfsletten foar ferkear, sadat dêr de Afsluitdijk Open hâlden wurde kin: in hurdrinevenemint, organisearre troch House of Sports. Der stean mear as sântûzen minsken oan de start fan de wedstriid, dy't om 04.00 oere úteinset.

Neffens Marloes van Gangelen fan de organisaasje moast der in jierrenlange tarieding oan te pas komme. ''In samenwerking met Rijkswaterstaat hebben we gekeken naar de beste datum en is besloten de Afsluitdijk eenmalig dicht te doen.''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)