PvdA: "Wat binne kânsen foar selsstannige Omrop?"

© Omrop Fryslân
De PvdA-fraksje yn de Steaten wol witte wat de mooglikheden foar Omrop Fryslân binne, no't in lanlike organisaasje fan regionale omroppen faai stiet. Steateleden Marja van der Meer en Hetty Jansen freegje deputearre Sietske Poepjes om opheldering.
Se wolle witte oft de deputearre no opnij pleitsje sil foar in ûnôfhinklike Omrop. Ek freegje se harren ôf hokker ynfloed de ûntwikkelingen hawwe op har ûnderhannelings mei it Ryk oer it bestjoersakkoart Fryske Taal en Kultuer.