Jorritsma: "Ik steur my oan gemeenten dy't gjin fúzje wolle"

De provinsje moat mear foech krije om gemeenten yn it uterste gefal ta weryndieling te twingen. Dat seit kommissaris fan de Kening John Jorritsma yn syn ôfskiedspetear mei Omrop Fryslân. Jorritsma hopet dat in folgjend kabinet provinsjes 'trochsettingsmacht' jaan sil. De provinsje kin dan yngripe as in weryndielingsproses stagnearret.
Yn Fryslân rinne guon weryndielingsprosessen tige dreech. Yn Noardeast Fryslân wol de gemeente Dantumadiel bygelyks net fierder gean as in amtlike fúzje, mar moat de gemeente sels bestean bliuwe.
Steure oan gemeenten dy't net fusearje wolle
En dat wylst de omlizzen de gemeenten Dongeradiel, Kollumerlân en Ferwerderadiel wol as ien gemeente fierder wolle. Ek Harns wol net opgean yn in gruttere gemeente. Jorritsma steurt him dêroan, want allinne binne dizze gemeenten net goed op de takomst taret. Oant no ta meie gemeenten sels bepale oft se weryndiele wolle. De provinsje fasilitearret dêrby. Dat moat dus oars, seit Jorritsma.
"Minder gemeenten binne better"
De ôfskiednimmende kommissaris fan de Kening stelt dat der wat him oanbelanget yn 2018 noch sa'n tsien gemeenten yn Fryslân oer bliuwe. Yn de praktyk sille dat der 18 wêze. Doe't Jorritsma yn 2008 begûn as kommissaris fan de Kening wiene der noch 31 Fryske gemeenten. Jorritsma nimt takom wike ôfskied fan Fryslân yn in spesjale gearkomste fan Provinsjale Steaten. Hy sil dan oan de gong as boargemaster yn Eindhoven, de fyfde stêd fan Nederlân.