DINGtiid: "Gemeenten dogge fierstente te min foar it Frysk"

Praat mar Frysk © AFUK
Frysk taalorgaan DINGtiid makket him bot soargen oer it ûntbrekken fan Frysk taalbelied by gemeenten. Sûnt 1 jannewaris 2014 is de Wet Gebruik Friese Taal fan krêft gien. It is de bedoeling dat der yn eltse gemeente taalbelied foar it Frysk makke wurdt. Mar twa-en-in-heal jier letter docht út in rûnfraach by de gemeenten bliken dat dit net foldwaande fan de grûn komt, fynt DINGtiid.
Gemeenten en it Frysk
Neffens DINGtiid wurdt de posysje fan it Frysk net fersterke, wylst dat wol de bedoeling fan de wet út 2014 is. It docht bliken dat der grutte ferskillen binne yn it gemeentlik budzjet foar de Fryske taal. Dêrtroch bliuwt de posysje fan it Frysk yn guon gemeenten efter. De provinsje soe mear stjoering en stipe jaan moatte om dit te kearen, fynt DINGtiid.
Steaten bepraat Frysk taalbelied
Deputearre Steaten wol dat yn 2020 alle Fryske gemeenten, mei útsûndering fan de frijstelde gemeenten It Amelân, Skylge, Skierkmûntseach, Flylân en Weststellingwerf, in taalbelied fêststeld hawwe. Neffens DINGtiid moat der gau aksje ûndernaam wurde om dit foar elkoar te krijen. It Frysk taalbelied wurdt takom woansdei yn de Steaten bepraat. DINGtiid wol dat Provinsjale Steaten harren advys meinimt.