Grut spektakel yn Sint-Nyk mei allegoaryske optocht

01 sep 2016 - 21:25
  • Publyk genietet fan grutte prealweinen
  • Ferskate kleuren ride foarby yn de optocht

By de 66e edysje fan de allegoaryske optocht yn Sint-Nyk hawwe tongersdei acht lytse en trettjin grutte prealweinen meidien. Sawol moarns as jûns rieden de fersierde weinen troch it doarp. De optocht is ûnderdiel fan de Sint-Nykster merke.

De weinen fan heech nivo binne makke troch freonegroepen, wenwiken en ferienings. In sjuery beoardielt de prealweinen op foarmjouwing, ferljochting, fersiering, kleuren en oanklaaiïng. Nije wike sneon makket de sjuery bekend hokker weinen de sjuerypriis en de publykspriis winne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)