UPDATE: Nij haadstik koälysjesoap Achtkarspelen troch boykot

01 sep 2016 - 20:45

De politike krisis yn Achtkarspelen hat in nij haadstik krigen. Opposysjepartij GBA is tongersdeitejûn net ferskynd by de ekstra ynlaske riedsgearkomste fan Achtkarspelen. By de gearkomste soe it nije kolleezje beneamd wurde. De beneaming is úteinlik ek útfierd en it nije kolleezje fan b. en w. ynstallearre, nettsjinsteande de kommoasje fanwegen it ûntbrekken fan de folsleine opposysje. It nije kolleezje bestiet njonken boargemaster Gerben Gerbrandy út Harjan Bruining (CDA), Jouke Spoelstra (CDA), Klaas Antuma (CU) en Gerda Postma (PvdA).

GBA lit yn in ferklearring witte dat se it ûnakseptabel fine dat it CDA en de ChristenUnie in koälysje foarmje sille mei in PvdA-wethâlder, dêr't sy yn july noch in moasje fan wantrouwen tsjin yntsjinne hiene. It GBA wol oan sa'n koälysje gjin meiwurking ferliene, melde se. 

FNP: "Helje beneaming fan aginda"

It iennichste VVD-riedslid wie absint, dy wie op fakânsje. Ferfangend wurdfierder Freddy Hoekstra fan de VVD ferwyt de gemeenteried per brief lykwols dat se ynstimme mei in nije koälysje dy't wat de VVD oanbelanget net goed te praten is. De FNP wie al oanwêzich, mar besocht de beneaming fan de nije wethâlders fan de aginda helje te litten. Dit waard yn stimming brocht, mar krige gjin stipe fan de mearderheid fan de gemeenteried. De FNP ferliet dêrom doe ek de riedseal. Neffens de FNP hawwe sy de stikken pas woansdeitejûn krigen en wie der net foldwaande tiid om har ta te rieden.

Wat spile der ek alwer yn Achtkarspelen?

14 july lêstlyn foel de koälysje yn Achtkarspelen. It fertrouwen yn de trije wethâlders waard doe opsein. In mearderheid fan alve riedsleden stimde by dy riedsgearkomste foar in moasje fan wantrouwen, dy't troch de PvdA yntsjinne wie. Wethâlders Van der Veen (FNP), Postma (PvdA) en De Haan (GBA) akseptearren de moasje. Oanlieding foar de moasje fan de PvdA wie dat neffens har de FNP achter de rêch fan de PvdA om in moasje yntsjinne hie oer de ferdieling fan jild.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)