De Friesland krijt twa foarstellen foar soach yn NE-Fryslân

01 sep 2016 - 18:55

Twa groepen fan sûnenssoarchoanbieders hawwe harren plannen yntsjinne by soarchfersekerder De Friesland. It iene foarstel is fan DC Klinieken en CCN. It oare foarstel is fan ZuidOostZorg, Kwadrant Groep, GGZ Friesland, MCL en Nij Smellinghe.

Fanút de gemeente Dongeradiel wie der de hope dat al dizze soarchoanbieders mei ien foarstel komme soene. De Friesland sels wol ek graach dat der ien plan komt, by need troch mediation.

Freed en moandei praat De Friesland mei de belutsen soarchoanbieders oer de yntsjinne plannen. Dêrnei wurde de plannen beoardiele en wurdt der in kar makke.

Reaksje Red de Sionsberg

Red de Sionsberg is ûnoangenaam ferrast oer it berjocht fan De Friesland. Se tinke dat De Friesland ôf wol fan DC Klinieken en CCN. Red de Sionsberg fynt it net kinnen dat De Friesland mei dit berjocht nei bûten komt, wylst der noch net iens oan de ûnderhannelingstafel praat is. Foaral de befolking fan Noardeast-Fryslân soe net serieus naam wurde en klos wêze, skriuwe se yn in reaksje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)