Nij bûtensportpark op It Fean: "Mear dwaan mei skeelerjen"

01 sep 2016 - 18:06
  • Nije skeelerbaan moat foar alluere foar de sport soargje

IIsklups yn Fryslân wurde troch it gewest Fryslân fan de de KNSB oproppen om mear te dwaan mei it skeelerjen. Ek omdat der de lêste jierren gjin sterk iis west hat. Dat sei foarsitter Johannes de Vries fan KNSB gewest Fryslân tongersdei by de offisjele iepening fan it bûtensportpark fan Sportstêd Hearrenfean. Dy iepening wie yn de oerdekte inline-skatebaan dêr't sawol topsporters as rekreaasjeriders gebrûk fan meitsje kinne.

Neist de skeelerbaan is der ek in saneamd urban sportpark en in sânfjild dêr't je beachfollybalje, beachfuotbalje of rugbye kinne. Fierder is der in fierljepskâns. Wethâlder Jelle Zoetendal ropt de ynwenners fan It Hearrenfean op gau in fierljepklup te begjinnen no't dizze foarsjenning der is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)