Feiliger fytse sûnder pealtsjes op fytspaden Dantumadiel

01 sep 2016 - 17:34
  • Wethâlder Roelof Bos helpt mei it fuortheljen fan de pealtsjes

Yn Dantumadiel ferdwine de kommende tiid in hiel soad fytspealtsjes. Dy pealtsjes binne der eartiids delset om foar te kommen dat der auto's oer de fytspaden hinne ride soene. Mar der barre ek in soad ûngelokken mei: fytsers en brommers botse der geregeld tsjinoan. De gemeente Dantumadiel hellet no de measten fuort, allinne dêr't it echt nedich is, bliuwe se stean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)