Stasjonsbrêge aanst wer presint yn stedsbyld fan Frjentsjer

01 sep 2016 - 17:22

Frjentsjer krijt freed en moandei syn Stasjonsbrêge werom. De brêge wurdt yn parten wer op syn plak brocht. Dernei komt de elektroanika deryn en wurdt de brêge wiidweidich test. Ein oktober kin it ferkear der dan oerhinne. De nije Stasjonsbrêge ferfangt de âlde, dy wie nei sechtich jier oan ein.

De stasjonsbrêge is ûnderdiel fan it programma Franeker Waddenpoort. Mei in breedte fan santjin meter is de nije stasjonsbrêge aanst geskikt foar grut skipsfeartferkear. De wurksumheden en de bou fan de brêge binne 24 oeren deis online te folgjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)