Nij Beetsters prate mei gemeente oer proefboarrings

01 sep 2016 - 16:53

Boargemaster en wethâlders fan Opsterlân wolle mei de ynwenners fan Nij Beets om tafel dy't har soargen meitsje oer in proefboarring fan Vermilion nei gas. Se diele de soargen, skriuwe se in brief oan de Nij Beetsters. De gemeente is gjin foarstanner fan gaswinning, útsein as der oan in tal betingsten foldien wurdt.

Draachflak is dêr ien fan. It kolleezje seit mei klam dat it no noch om in proefboarring giet, en dat it noch lang net wis is oft der gas wûn wurde sil bij Nij Beets. Boargemaster en wethâlders nimme binnen twa wiken in beslút.

Fergunning

It kolleezje skriuwt ûnder oaren yn har brief: "Voor het verrichten van de proefboring heeft het ministerie van Economische Zaken al een vergunning verleend. De huidige aanvraag bij de gemeente Opsterland heeft alleen betrekking op het plaatsen van de boorinstallatie. Als de aanvraag van Vermilion binnen het bestemmingsplan past, kunnen wij de vergunning in principe niet wijzigen. De wet voorziet niet in de mogelijkheid om in dit stadium bij de gemeente bezwaar te maken. Dit kan pas nadat het college een beslissing op de aanvraag heeft genomen."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)