Noard-Nederlân telt rekôr oantal ikeprosesjeflinters

01 sep 2016 - 16:45

Der binne dit jier in rekôrtal ikeprosesjeflinters fongen yn Noard-Nederlân. De telling foar dit jier is noch net dien, mar der binne no al 41.000 flinters fongen. Dat is twa kear safolle as it totaal fan foarich jier. De reden foar de groei is noch in riedsel. Mooglik binne in soad flinters pas dit jier út de kokon krûpt, om't se wachte hawwe op geunstigere waarsomstannichheden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)