Politike besite mei fokus op sûnens yn Smellingerlân

01 sep 2016 - 16:33

Steatssekretaris Van Rijn fan Folkssûnens komt moandei op besite yn Smellingerlân. Hy wol sjen hoe't de gemeente de sûnens fan de ynwenners oan it ferbetterjen is. Smellingerlân docht mei oan it projekt 'Gezond in...' wêrby't ynwenners en professionals mei elkoar wurkje oan bettere sûnens.

De gemeente krijt fjouwer jier lang subsydzje fan it Ryk om sosjaal ekonomyske efterstannen op it mêd fan sûnens fuort te wurkjen.

Van Rijn giet yn petear mei ynwenners en professionals yn wenwyk De Wiken. Hy sil nei KOEK-hús De Klimop, soarchsintrum De Wiken en nei basisskoalle de Wiekslag.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)