Kristlik Festival316 seit gearwurking mei Oerrock op

01 sep 2016 - 16:12

Festival316 yn Oerterp is fan takom jier net mear op it terrein fan Oerrock. Dat hat it bestjoer fan it kristlik festival bekend makke. Njoggen jier lang dielden Oerrock en Festival316 itselde terrein, oan de Skieppeleane yn Oerterp. It bestjoer fan 316 hat witte litten dat se in oare koers farre wolle en dêr heart ek in nije lokaasje by. Sa wurdt der no sjoen nei mooglike gearwurking mei it jierlikse pinksterfeest yn Wynjewâld. It is noch net dúdlik oft en hoe't Festival 316 takom jier werom komt.

De ôfrûne jierren luts it grutste kristlike festival fan Noard-Nederlân tûzenen besikers. It bestjoer fan Oerrock seit yn in earste reaksje dat se begryp hat foar it beslút. Tagelyk fynt se it spitich dat der in ein komt oan de jierrenlange gearwurking.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)