Fryske Hunkemöller bliid mei linzjerymodel Doutzen

01 sep 2016 - 15:52

By Hunkemöller binne se tige wiis mei it nije model Doutzen Kroes. Se folget Sylvie Meis op as it gesicht fan it linzjerybedriuw. "In bettere hie it net wurde kind, seit Jenny fan de Hunkermöller yn Drachten. Se wie wol bliid mei Sylvie Meis, mar "Doutzen is dochs in bytsje mear. Ik ferwachtsje dat dit wol mear klanten lûke sil."

De reaksjes yn de winkel binne ek posityf. "Minsken fine it moai. Doutzen is dochs in bytsje fan ús. En dat strielt ek op ús ôf."

De winkel is noch net oanklaaid mei posters fan Doutzen. "Dat koe noch net. Wy hearden it ek pas juster om fiif oere, doe't it yn Berlyn bekend makke waard."

Trefwurden: 
Hunkemöller Doutzen Kroes
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)