UPDATE: bestjoerder buske Opsterlân ferstoarn troch ûngelok

01 sep 2016 - 15:34

By in ûngelok yn Wynjewâld mei in graafmasine en in gemeentebuske is de 51-jierrige bestjoerder fan it buske om it libben kaam. De man út Hoarnstersweach, in meiwurker fan Caparis, ried mei syn buske lâns de Kompanjonsfeart doe't hy rekke waard troch de kraan fan de graafmasine dy't dêr oan it wurk wie. De bak fan de kraan gie dwers troch it dak fan it buske hinne. Hoe't dat barre koe, is noch net dúdlik. De man siet allinne yn it buske doe't it ûngelok barde. De kraanmasinist is oanhâlden.

Yn in reaksje jout in wurdfierder fan de gemeente oan dat se djip troffen binne troch it ûngelok en dat harren tinzen en meilibben útgean nei de famylje en freonen fan it slachtoffer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)