FIDEO: Feest foar Piet, 20 jier by SBS

Piet Paulusma © ANP Kippa
Waarman Piet Paulusma fan Hjerbeam fiert tongersdei syn 20-jierrich jubileum by de lanlike stjoerder SBS. Sa'n 15.000 kear hat Piet ferspraat oer hiel Nederlân it waar foarsein. Standert slút er dat ôf mei syn berofte 'Oant Moarn!'. Sûnt 1994 fersoarget er it waar foar Omrop Fryslân. Yn sa'n lange tiid giet der fansels ek wolris wat ferkeard.
Opfallend neffens SBS is dat Piet yn al die jierren mar ien of twa kear op fakânsje west hat yn it bûtenlân. Piet krijt tongersdei in plakje yn temapark Madurodam.
Dit is de earste útstjoering fan Piet op SBS.