Subsydzje foar monuminten yn Fryslân

173 Fryske monuminten krije mei-inoar hast fjouwer miljoen euro subsydzje fan it Ryk. It measte jild giet nei tsjerklike monuminten. Mar ek aardich wat monumintale pleatsen krije jild om opknapt te wurden. De eigeners fan de monuminten moatte in plan yntsjinne, om de subsydzje te krijen. It Ryk betellet der dan foar op syn meast de helte oan mei, de rest komt foar rekken fan de eigener sels.
Sa hat de Stichting Beheer Kerkelijke Gebouwen Noord-Nederland foar de kommende seis jier oardel miljoen euro subsydzje krigen foar sechstich tsjerklike gebouwen yn it noarden. It jild is bedoeld foar it yn stân hâlden fan monumintale tsjerken, tsjerketuorren, klokkestuollen en tsjerkhôven yn Noard-Nederlân.
Sa giet der hast 98.000 euro nei it ûnderhâld fan de PKN-tsjerke yn Harns en hast 54.000 nei de tsjerke en de tsjerketoer fan Hallum. De PKN-tsjerke fan De Lemmer krijt itselde bedrach. Foar it ûnderhâld fan de PKN-tsjerke fan Nijlân komt sawat 50.000 euro beskikber.