Hans Westerhof wurdt lid rfk fan SC Hearrenfean
De 67-jierrige Hans Westerhof wurdt lid fan de ried fan kommissarissen fan SC Hearrenfean. Dat makke de klup tongersdei bekend. Westerhof folget René Groen op dy't earder al ôfskied naam fan de ried. De eks-trainer fan ûnder oaren FC Grins, PSV en Willem II sil him dwaande hâlde mei de technyske saken by de klup.
Foarsitter Jorrit Jorritsma fan de ried van kommissarissen is bliid dat de ried no wer kompleet is. ‘’Met de komst van Hans Westerhof wordt ons team versterkt met een bekwaam en weloverwogen commissaris. Hans heeft jarenlange ervaring en een groot voetbalnetwerk, een aanwinst voor sc Heerenveen.’’