Oanriding mei trekker: 88-jierrige frou ferwûne

01 sep 2016 - 12:00

By in oanriding op de Nije Ljouwerterwei yn Wergea, is woansdeitejûn om tsien oere hinne in 88-jierrige frou út Warten ferwûne rekke. Sy siet yn de auto by in 90-jierrige man dy't frontaal op in trekker botste.

De autobestjoerder kaam mei de skrik frij. Ek de bestjoerder fan de trekker hie neat. De plysje hat in ûndersyk ynsteld nei de krekte tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)