Berneboek oer Alma Tadema presintearre yn Dronryp

01 sep 2016 - 11:48

Yn Dronryp is tongersdeitemoarn in berneboek presintearre oer it wurk fan Lourens Alma Tadema, ien fan de belangrykste Fryske skilders. It Fries Museum yn Ljouwert hat berneboekeskriuwster Lida Dijkstra der opdracht foar jûn, om de wrâld fan de keunst tagonklik te meitsjen foar bern. Op 1 oktober dit jier set in grutte tentoanstelling oer Alma Tadema útein yn it Fries Museum. Lida Dijkstra hat besocht om Lourens Alma Tadema tichteby te bringen troch te skriuwen fan it eachpunt fan syn twa dochters út.

​It boek waard tongersdeitemoarn útdield oan learlingen fan de Sint Radbodusskoalle yn Dronryp, omdat Alma Tadema dêr hast twahûndert jier lyn berne is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)