Maatregels by plysjeburo Drachten fanwege bedrigings

Plysjeburo Drachten © Srfotografie
Op it plysjeburo yn Drachten oan it Mûnein Súdside binne tydlik ekstra feilichheidsmaatregels naam fanwege slimme bedrigings oan it adres fan de plysje. Dy kamen oardel wike lyn binnen. De plysje nimt de bedrigings tige serieus. Der binne grutte betonblokken foar it gebou dellein. Dêrmei moat foarkaam wurde dat ien mei in auto de glêzen gevel fan it buro ramt.
Fierder binne der ekstra kamera's ophongen oan it plysjeburo en is der permanint bewapene bewekking oanwêzich by de baly. De plysje hat in fermoeden wa't de bedrigings dien hat en hat de saak yn ûndersyk. Oer de aard fan de bedrigings en hoelang't de ekstra feilichheidsmaatregels nedich binne, kin de plysje neat sizze.