Winstdelgong foar suvelbedriuw FrieslandCampina

01 sep 2016 - 09:59

FrieslandCampina hat dit earste healjier folle minder winst makke yn fergelyk mei deselde perioade fan 2015. It suvelkonsern makke 160 miljoen euro winst, hast 17 persint minder as yn de earste seis moannen ferline jier. Troch in hegere molkeproduksje fan de melkfeehâlders is der mear molkepoeier, tsiis en bûter ûnder de kostpriis ôfsetten yn de merk.

De omset fan FrieslandCampina gie mei rom 2 persint nei ûnderen, nei 5,5 miljard euro. De molkepriis foar de melkfeehâlders naam ôf nei goed 30 euro foar hûndert kilo molke. Yn it earste healjier wie dat noch hast 37 euro. FrieslandCampina sprekt gjin konkrete ferwachtings út foar it resultaat oer it hiele jier 2016.

Trefwurden: 
FrieslandCampina winst molke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)