Kollum: ''Oarlochsgrêven''

01 sep 2016 - 08:45

Ferdinand de Jong wennet yn Boarnburgum en is skriuwer. Hy publisearre oant no ta fiif romans: Guozzeflecht (2010), It dak fan de wrâld (2011), De lêste trúk (2012), Bedoarne hannel (2014) en De Nova Scotia staazje (2015). Dêrneist skriuwt De Jong kollums foar it Frysk literêr tydskrift Ensafh en foar de webside fan UNIS Flyers. Foar it hûs-oan-hûsblêd Corner fan SC Hearrenfean skriuwt er kollums en sjoernalistike artikels . Ferdinand is te folgjen op Twitter.

''Jim sille der allegearre wolris fan heard ha. Oarlochsgrêven. Der is in stichting dy’t him dêrmei dwaande hâldt. Op harren side stiet letterlik. ik doch it even yn it Nederlânsk:

Over ons: De Oorlogsgravenstichting gedenkt ongeveer 180.000 Nederlandse oorlogsslachtoffers. Dit zijn soms militairen maar vaak burgers: mannen, vrouwen en kinderen die hun leven verloren tijdens de Tweede Wereldoorlog of tijdens gewelddadige conflicten daarna – zoals in voormalig Nederlands-Indië. Het zijn ook de Nederlandse militairen die tijdens recente vredesmissies om het leven zijn gekomen.

Al deze mensen hebben een verhaal, soms indringend soms kort of eenvoudig. Wij geloven dat het vertellen van deze verhalen bijdraagt aan het besef dat vrede, vrijheid en veiligheid niet vanzelfsprekend zijn. Wij houden de herinnering aan deze mensen levend door hun verhalen te verzamelen en te delen, hun namen te registreren en door het onderhouden van de 50.000 Nederlandse oorlogsgraven waar ook ter wereld.

Prachtich fansels, dat dy stichting der is. Want nea moat ferjitten wurde watfoar ellinde de oarloch brocht hat. Mar der is ek in oare kategory grêven. Dêr hearre net it measte oer, omdat we it dêr leaver net oer ha. De saneamde ‘foute grêven’. Minsken dy’t yn de oarloch fout wienen en heulden mei de Dútsers, binne ek ferstoarn en begroeven. Wat moatte je mei dy grêven oan as de termyn ferstrutsen is en der net mear foar betelle wurdt? Ik kaam in artikel tsjin oer dit fraachstik.

De parochy fan Oisterwijk besleat ta it romjen fan in ‘fout grêf’, nammentlik dat fan Arnold Meijer, dy’t yn 1965 stoar. Hy wie foaroanman fan de fassistyske beweging Zwart Front. De neibesteanden woenen net mear foar it grêf betelje, dan is de proseduere dat it grêf romme wurdt en opnij útjûn wurde kin. In frou út Súd Afrika, har heit wie in freon fan Meijer, woe wol foar ít ûnderhâld betelje, mar dochs besleat it parochybestjoer om it grêf te romjen. Op fragen dêroer hold elkenien de kaken stiif op elkoar. Te gefoelich om in diskusje oer los te meitsjen. No wit ik dat Jacob, jim presintator, him ek bot ynteressearret foar de oarloch, dus doar ik it hjir wol oan.   

‘Aandacht voor ‘foute graven’ kan oude wonden openrijten of het idee wekken dat een bepaald gedachtengoed verheerlijkt wordt. Dat mag zeker niet gebeuren. Maar juist met deze ‘foute graven’ valt het hele verhaal te vertellen, met respect voor zowel slachtoffers als nabestaanden. Alleen met de plussen en minnen kan de balans in de geschiedenis gevonden worden. Juist die minnen moeten niet uitgewist worden,’ skreau Leon Bok yn 2011 yn in wiidweidich artikel oer dizze ‘foute grêven’. 

Ik bin it dêr mei iens. Net allinnich de helden, mar ek de minsken dy’t kapitale flaters makke ha binne ûnderdiel fan ús skiednis. As we alle ‘foute grêven’ romje soenen, bliuwt der in iensidich stikje fan dy skiednis sichtber. Allinnich de goeden. De minnen ha we fuortpoetst. Der bestiet in grut taboe oer ‘foute grêven’. Der mei eins net oer praten wurde. It wurdt tiid om, safolle jier nei de oarloch, dat wol te dwaan. Dan kinne wy oan ús bern it hiele ferhaal fertelle en, wichtiger, ek sjen litte. Miskien in moaie taak foar de Oorlogsgravenstichting?''

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)