Ynje-monumint wurdt yn âlde steat werombrocht

31 aug 2016 - 23:22

By it Ynje-monumint yn it Rengerspark yn Ljouwert komt in nij byld fan 'De Wachter' te stean. Foarsitter Gerard van Klaveren fan stifting Indiëmonument Fryslân makke dat bekend by de jierlikse Ynje-betinking woansdeitejûn.

13 augustus waard it âlde byld omfier lutsen en fernield. Fan de brokstikken dy't oer binne kin in mal makke wurde dy't brûkt wurdt foar it meitsjen fan in nij brûnzen byld. Dat stiet takom jier foar de 25e betinking wer te plak njonken it monumint mei de nammen fan de Friezen dy't omkaam binne yn de striid yn Ynje.

De gemeente Ljouwert en de stifting betelje de kosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)