Noarden wol 150 miljoen euro foar Waadgebiet

31 aug 2016 - 22:23
  • It Waad

De trije noardlike provinsjes wolle de kommende tsien jier dat it Waadfûns 150 miljoen euro ynvestearjen giet yn it Waadgebiet. It jild moat brûkt wurde foar seis grutte tema's. It giet dan ûnder oare om it ferbetterjen fan de natuer yn it Waadgebiet, de ûntwikkeling fan de havens en de projekten op de Ofslútdyk.

Yn it ferline waard it jild fan it Waadfûns mear ynset yn lytsere projekten. Troch no de fokus te lizzen op de seis tema's kin der folle doelbewuster ynvestearre wurde yn de ekonomy en it miljeu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)