Bart Helmholt wint earste wedstriid nasjonale kompetysje

By de earste nasjonale kompetysjewedstriid op It Heidenskip is Nederlânsk kampioen Bart Helmholt earste wurden by de senioaren. De Burgumer sprong in ôfstân fan 20.18 meter. Nûmer twa waard Nard Brandsma fan It Heidenskip dy't nei 19.62 meter ljepte en Jaco de Groot út Woerden tredde mei in sprong fan 19.56.
Foar topklasser Oane Galama wie it syn lêste wedstriid op syn thúsbarte. Hy helle de finale net en einige teloarstellend op it 6e plak mei in sprong fan 18.60 meter.
Froulju
Ek by de froulju wie de nije Nederlânsk kampioene de sterkste. Dymphie van Rooijen sprong 16.44 meter en wie dêrmei in stik better as Wendy Helmes (15.77) en Hiske Galama (14.50).
Junioaren
Jan Teade Nauta fan Drylts sprong yn de finale by de junioaren in moai nij persoanlik rekôr: 19.50 meter. It wie by syn finalesprong al sa tsjuster, dat de digitale mjitapparatuer it net mear die. De ôfstân waard dêrom hânmjittich metten. Ricardo Faaij wûn de ljepperij by de junioaren, om't allinnich de ôfstân dy't sprongen wurdt yn de foarronde telt foar it klassemint. Hy ljepte nei 19.35 meter. Bobby Zwaagman waard tredde yn 17.12 meter.
Jonges en famkes
Ek Hessel Haanstra sprong in prima nij pr fan 17.68. Hy wie dêrmei de bêste by de jonges. It twadde plak wie foar nasjonaal kampioen Reinier Overbeek, dy't 16.90 ljepte. It tredde plak wie foar Lucas van Eijk mei 16.30.
By de famkes wie de winst foar Fabiënne Overbeek, dy't 14.83 sprong. Twad waard Demi Groothedde (14.22) en tred Bente Vlas (14.18).
Allinnich de bêste ljeppers út hiel Nederlân wurde op basis fan it klassemint selektearre foar de fjouwer nasjonale kompetysjewedstriden.