Doutzen Kroes wurdt nij gesicht fan Hunkemöller

31 aug 2016 - 20:47
  • Doutzen Kroes

Doutzen Kroes is it nije gesicht fan linzjerymerk Hunkemöller. Se is de saneamde 'brand ambassador' foar it merk. It 31-jierrige model út Eastermar makke dat woansdei bekend op Twitter. Se krijt in eigen linzjerykolleksje mei de namme 'Doutzen Stories' dy't fan ein oktober ôf te keap is.

It Fryske model is grutsk: "Ik zit al een tijdje in de modewereld, maar heb nog nooit de mogelijkheid gehad om mijn eigen lingeriecollectie te ontwerpen. Dit is een geweldige nieuwe kans voor mij! Ik ben echt trots om de wereld wat meer van mezelf en mijn passie voor lingerie te laten zien met mijn collectie voor Hunkemöller. Het is een merk dat dichtbij me staat en waar ik mee ben opgegroeid in Nederland, een merk met een sterk erfgoed", sa seit se op de webside fan it bedriuw.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)