Oppakte Ljouwerter moat noch tritich dagen de sel yn
In 22-jierrige Ljouwerter is woansdei op de Foarstreek yn syn wenplak oanhâlden. De fertochte hie noch tritich dagen selstraf útstean foar eardere strafbere feiten. By de oanhâlding misledige de fertochte de plysje. Hy is foar ferhoar meinaam nei it plysjeburo en moat no de kommende tritich dagen syn finzenisstraf útsitte.