Fryslân slút oerienkomst mei Ryk oer duorsume enerzjy

31 aug 2016 - 20:12
  • Wethâlder Isabelle Diks fan Ljouwert by it ûndertekenjen fan de oerienkomst

Alle fjouwerentweintich Fryske gemeenten, de provinsje Fryslân en Wetterskip Fryslân slaan de hannen yninoar op it mêd fan enerzjybesparring en duorsume enerzjyopwekking. Se sille mei-inoar in enerzjystrategy ûntwikkelje, om de doelen út it Europeeske enerzjy-akkoart te heljen.

Fryslân wurdt hjirby stipe troch it Ryk. Isabelle Diks, wethâlder yn Ljouwert, is de bestjoerlike oanjager fan it projekt.

"In Fryslân werken burgers, instellingen, energiecoöperaties, bedrijven en de lokale overheden al op verschillende niveaus samen aan de energievoorziening voor de toekomst. Met deze gezamenlijke pilot kunnen we de samenwerking verbeteren. Er zal een plan moeten komen dat gebaseerd is op draagvlak van inwoners en bedrijven", sa seit Diks.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)