Skiermûntseach hat skjinste strân fan alle Waadeilannen

31 aug 2016 - 20:00

Skiermûntseach hat it skjinste strân fan alle Waadeilannen. Dat docht bliken út ûndersyk fan NederlandSchoon en de ANWB en de telde stimmen fan strângasten. Oare Waadstrannen dy't goed skoare binne Skylge en Flylân.

It skjinste strân fan Nederlân leit yn Seelân. Eastkapelle mei in jier lang dizze titel drage. Ek de nûmer twa en trije op de list fan skjinste strannen lizze yn Seelân, dit binne Groede en Westkapelle. Dit jier stimde in rekôrtal fan 18.000 minsken op harren favorite strân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)