Ynset útstjoerkrêften by bedriuwen yn Fryslân nimt ta

31 aug 2016 - 19:50

De ynset fan útstjoerkrêften by bedriuwen yn Fryslân nimt ta. It tal oeren dat útstjoerkrêften ynhierd wurde, is by útstjoerburo AB Vakwerk it earste healjier mei 13,5 prosint tanaam yn fergelyk mei ferline jier. Ek lanlik sjoen is it oantal útstjoeroeren de lêste tiid foars heger wurden. Dat docht bliken út sifers fan it CBS.

Direkteur Hylke van der Veen fan AB Vakwerk seit dat se de fraach nei personiel noch wol oankinne, mar dat it somtiden dreech is om spesjalisearre fakkrêften te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)