Marrekrite eksperimintearret mei suveringsynstallaasje

31 aug 2016 - 18:22

Rekreaasjeskip De Marrekrite hat dizze simmer eksperimintearre mei in driuwende suveringsynstallaasje. It is in primeur foar Nederlân. De boat leit op it stuit op de Peanster Ie efter Grou. Wettersporters kinne sels oanlizze en har smoarchwettertank leegje. It wetter wurdt dan suvere en skjin wer loast.

Neffens direkteur Touwen is it sels skjinner as it wetter dat suvere wurdt troch it Wetterskip Fryslân. Syn ideaal is om op elke drok Frysk mar sa'n mobile suveringsynstallaasje farre te litten. Touwen tinkt dat der grut ferlet fan is.

Benammen by de wat gruttere jachten of sjarterskippen. Dy kin har smoarchwetter dreech kwyt yn jachthavens. De earste reaksjes fan de boatsjefarders binne posityf. Takom farseizoen wol de Marrekrite in grutte kampanje opsette om de suveringsynstallaasje ûnder de oandacht te bringen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)