Gewelddiedige oerfal Nes (Akkrum) yn Opsporing Verzocht

Helptsjinsten op de Strikel yn Nes (Akkrum) © Gerwin de Vries
It telefyzjeprogramma Opsporing Verzocht jout nije wike tiisdei (6 septimber) wiidweidich omtinken oan de gewelddiedige wenningoerfal yn Nes by Akkrum fan 15 juny lêstlyn. Op dy dei waard in 73-jierrige man yn syn hûs oerfallen troch twa manlju. Hy waard dêrby fêstbûn en mishannele. De dieders binne noch net pakt.
It ûndersyk nei de oerfal rint noch, mar de plysje is op syk nei tsjûgen om it ûndersyk in nije ympuls te jaan. De opnames foar it programma wurde tongersdei makke.