Undertekening konvenant foar Frysk en meartalichheid

© Omrop Fryslân
Ferskate Fryske organisaasjes ûndertekenje freed in konvenant om it Frysk en de meartalichheid fan de provinsje op de kaart te setten. Dit wurdt dien yn it ramt fan Lân fan Taal. Dat is it taalprogramma fan de provinsje Fryslân en ûnderdiel fan Kulturele Haadstêd 2018.
De Afûk, Fryske Akademy, Tresoar, Rijksuniversiteit Groningen, Historisch Centrum Leeuwarden, Omrop Fryslân en Tryater tekenje de oerienkomst. Doel is dat der foar 2018 ferskate projekten hâlden wurde.
Sa komt yn de Prinsetún yn Ljouwert in taalpaviljoen en komt der in telefyzjesearje oer hoe't Friezen om utens de taal belibje.