SC Hearrenfean hat seleksje kompleet

31 aug 2016 - 17:39

SC Hearrenfean hat de seleksje kompleet en sil gjin spilers mear keapje of ferkeapje. Dat sei technysk manager Gerry Hamstra woansdei tsjin ferslachjouwer Roelof de Vries. Oant middernacht kinne klups noch spilers keapje of ferkeapje. De transfermerk slút op 1 septimber.

Tiisdei waard de nijste spiler bekend makke, de Ingelske fuotballer Shay Facey. De 21-jierrige ferdigener is medysk goedkard en komt per direkt op hierbasis oer fan Manchester City. Hearrenfean hiert Facey foar ien seizoen mei in opsje ta keap.

''Het is mooi dat we Shay, die een uitstekende opleiding heeft doorlopen, aan ons kunnen binden", sa ferklearret Hamstra op de klupsite. "Hij kan op meerdere posities achterin spelen en is dus breed inzetbaar, een mooie versterking voor onze selectie.

Trefwurden: 
SC Hearrenfean fuotbal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)