Ynjebetinking yn Rengerspark krijt ekstra emosjonele lading

31 aug 2016 - 17:25

Yn it Rengerspark yn Ljouwert wurde woansdeitejûn de slachtoffers betocht dy't fallen binne yn Nederlânsk-Ynje en Nij-Guineä yn de Twadde Wrâldoarloch. Alle jierren in emosjonele byienkomst mei âld Ynjegongers en neibesteanden. Mar der is noch mear fertriet, omdat it byld De Wachter net mear by it monumint stiet. Dat waard in pear wiken lyn fernield.

Earder dizze moanne waard it byld fan de wachter yn it Rengerspark fan de sokkel lutsen. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk mar neamt it lêstich om de dieders te finen.

De 86-jierrige sjoernalist Jack Kooistra fan Ljouwert hat alle nammen sammele fan de 168 fallen Fryske soldaten dy't op it monumint stean. Hy hat de identiteit achterhelle en wit alle ferhalen derachter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)