Strânpaviljoen moat tafels en betonplaten fuort helje
Strânpaviljoen 't Badhuys op Flylân moat de picknicktafels by it gebou en de betonplaten dêr't se op stean fuort helje. Dat hat de rjochter bepaald yn in saak dy't oanspand wie troch eigener Westers fan 't Badhuys. Dy besocht mei de saak ûnder in twangsom út te kommen dy't de gemeente him oplein hie.
Dat is net slagge, omdat de rjochtbank krekt as de gemeente fynt dat de picknicktafels net yn it bestimmingsplan passe. Ek in iiskokarre dy't by it strânpaviljoen stiet, moat fuort helle wurde. Dêr wie gjin fergunning foar oanfrege.
Hellet Westers it guod net fuort, dan moat er 1000 euro deis betelje, mei in maksimum fan 15.000 euro.