Grutte gatten boarre yn Lorentzslûzen by Ofslútdyk

Yn de Lorentzslûzen by Koarnwertersân binne woansdei grutte gatten boarre. Doel is om te ûndersykjen hoe't it mei it beton yn de slûzen is. Dat waard wol tiid want se binne de tachtich jier passearre en it beton hat flink wat te lijen mei it sâlte wetter.
Earder binne de spuislûzen al ûndersocht. Dêr like it beton op it earste each noch goed. It wurk wurdt dien yn tarieding op de grutte renovaasje fan de Ofslútdyk yn 2018.